Alle Fryske gemeenten hawwe posityf begruttingssaldo 2025

De provinsje Fryslân hat alle 18 Fryske gemeenten ûnder it reguliere repressive tafersjoch pleatst. Dat hâldt yn dat alle gemeenten sûnder fierdere goedkarring foarôf harren begrutting 2025 útfiere kinne.

“De begruttingen fan de Fryske gemeenten binne foar it kommende jier struktureel slutend,” seit deputearre Eke Folkerts. Dat is de wichtichste konklúzje op basis fan de troch de gemeenterieden yn novimber fêststelde begruttingen. Dêrom falle alle gemeenten ûnder it reguliere repressive tafersjoch en binne de begruttingen foar kundskip oannommen.

Nettsjinsteande it positive byld oer 2025 binne der foar de takomst wol grutte soargen. De hjoeddeistige wize fan finansierjen is troch it Ryk wizige. Dêrtroch sakket de algemiene útkearing fan it Ryk oan de gemeenten gâns. Dêrom wurdt 2026 ek wol it ‘ravijnaar’ neamd. By likernôch alle Fryske gemeenten sjogge wy dan ek dat it saldo yn 2026 gâns leger is as yn 2025. It gros fan de gemeenten presintearret dêrtroch ek tekoarten yn de mearjierrerûzing.

De provinsje bliuwt yn,gearwurking mei de gemeenten, har ynsetten foar mear middels út it Ryk wei om de ravynjierren op te heinen. Mar omdat ekstra middels noch útbliuwe, binne in soad gemeenten al begûn mei besunigings of riede dy krekt ta. Yn de maitiid fan 2025 sil by de gemeentlike ramtnota’s mear dúdlik wurde oer hoe't de gemeenten dêr konkreet ynfolling oan jaan sille.