Anja Haga waarnimmend boargemaster Dantumadiel

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat hjoed, freed 8 novimber 2024, op it provinsjehûs drs. A. (Anja) Haga beëdige as waarnimmend boargemaster fan de gemeente Dantumadiel. Sy folget Klaas Agricola op dy’t koartlyn beneamd is ta waarnimmend boargemaster fan gemeente De Fryske Marren. Haga begjint op 18 novimber oansteande en bliuwt oan ta de beneaming fan in nije Kroanbeneamde boargemaster yn Dantumadiel.

Haga wie fan 5 septimber 2023 oant 16 july 2024 lid fan it Europeesk Parlemint. Earder wie sy fan 2015 oant 2017 wethâlder fan Arnhem en ek wie Haga fan 2010 oant 2015 lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Tuskentroch (2017-2023) hat se wurke by Steatsbosbehear. Frou Haga is fan hûs út klinysk linguist en hat as sadanich ek wurksum west yn ‘e soarch. 

De kommissaris fan de Kening en in riedsdelegaasje fan Dantumadiel hawwe ôfpraat dat der in waarnimmer komme soe oant de komst fan in Kroanbeneamde boargemaster. De beneaming fynt nei ferwachting ein 2025 plak. De gemeenteried hat oan de kommissaris winsken kenber meitsje kinnen wêr't de waarnimmer oan heard te foldwaan. De gemeenteried sil oan de slach mei in profylskets foar in nije Kroanbeneamde boargemaster. 

De wervingsproseduere set útein neidat de gemeenteried de profylskets fêststeld hat. De waarnimmer sil net ûnderdiel wêze fan de proseduere om te kommen ta in nije Kroanbeneamde boargemaster.