Avine Fokkens-Kelder ûntfangt Els Veder-Smit Priis 2025
Jûn is by de feestlike fiering fan Ynternasjonale Frouljusdei yn de Kânselarij yn Ljouwert de Els Veder-Smit priis útrikt troch deputearre Abel Kooistra oan Avine Fokkens-Kelder. Dizze prestizjeuze ûnderskieding, dy't foar de twadde kear troch Tûmba takend wurdt yn opdracht fan provinsje Fryslân, erkent har útsûnderlike ynset foar de posysje fan froulju yn de polityk.
De sjuery komplimintearret Fokkens-Kelder om har net-ôflittende ynspanningen om froulju te ynspirearjen en aktyf te belûken by de polityk. Yn har ferskate funksjes as juriste, steatelid, deputearre en no as boargemaster fan Hearrenfean, hat sy har konsekwint ynset foar mear froulike fertsjintwurdiging yn de bestjoerlike en politike arena. Publyklik, mar ek achter de skermen. De sjuery seit hjiroer:
“Op leechdrompelige en tagonklike wizen wit sy froulju te motivearjen en ynspirearje om politike ambysjes nei te jeien. Dat docht ûnder oare bliken út har ynstallaasjetaspraak dêr't hja it belang fan froulike fertsjintwurdiging yn de polityk yn beneamde. Dêrneist yntrodusearre sy in trochjouboek om froulju te ynspirearjen en wijde sy yn har nijjiersspeech omtinken oan it tema ”
De winner reagearre bliid ferrast op de priis: 'Ik kin fansels net tippe oan Els Veder-Smit sels, dat wol ik echt sizze. Wat ik de froulju fan de takomst gun is dat se harren frij fiele om te sizzen wat foar harren wichtich is, en dat we elkoar, as froulju ûnderinoar, stypje!'
De Els Veder-Smit priis waard yn 2022 foar it earst útrikt en draacht de namme fan Els Veder-Smit (1921 -2020), in foarfjochter fan frouljusrjochten en earder politika. De priis wurdt alle trije jierren útrikt oan in persoan dy't him op bysûndere wize ynset foar de posysje fan froulju yn de Fryske polityk. De sjuery, besteande út foarsitter Ojanne Chang (riedslid gemeente Hearrenfean), Lutz Jacobi (winner Els Veder-Smit Priis 2022) en Marre Smit (famyljelid fan Els Veder-Smit) – hat op basis fan in troch Deputearre Steaten fêststeld protokol, har kar makke. Der wiene yn totaal 20 persoanen nominearre mei úteinlik trije finalisten. De sjuery droech dêrneist waarme wurdearring út foar it inisjatyf Boezemfreondinnen fan nominearre Eline de Koning.