Beslutelist Deputearre Steaten 10 desimber 2024
1. Subsydzjeregelingen foar keunstynstellingen en musea 2020 -2028
DS hat de subsydzjeregelingen foar Musea en Keunstynstellings foar de perioade 2020-2028 fêststeld. De subsydzjeregeling foar keunstynstellingen is bedoeld foar organisaasjes dy't op profesjoneel nivo aktyf binne yn de keunsten. Dêrfoar is mei-inoar sa’n €10.300.000 beskikber. Foar de musea giet it om in bedrach fan sa'n €5.100.000. Fan 20 jannewaris 2025 ôf kinne organisaasjes harren oanfraach yntsjinje.
2. Tafersjochfoarm Fryske gemeenten 2025
De provinsje hâldt tafersjoch op de finansjele posysje fan de gemeenten yn Fryslân. Alle jierren wurde de begruttingen beoardiele en wurdt de tafersjochsfoarm bepaald. Om't alle gemeenten in reëel en struktureel slutende begrutting 2025 presintearje, foldogge alle gemeenten oan dit kritearium fan repressyf tafersjoch. Fan de jierskiif 2026 ôf feroaret it byld, en sjogge wy by in soad Fryske gemeenten (grutte) tekoarten ûntstean. Dêrom wurdt 2026 in ravinnjier neamd.
3. Provinsje giet yn berop tsjin winningsplan Warga-Wartena
Op 6 novimber 2024 hat de Minister ynstimd mei it aktualisearre winningsplan Warga-Wartena. It winningsplan Warga-Wartena giet oer in aktualisearring fan it jildende winningsplan foar dizze gaswinning. De redenen foar aktualisearring is de ferlingde libbensdoer en in grutter produksjefolume fan de gasfjilden. De provinsje kin him net ferienigje mei dit beslút en sil dêrom berop ynstelle.
4. Fryske Integrale Visie Verkeersveiligheid 2026-2040
De Fryske Integrale Visie Verkeersveiligheid 2026-2040: 'Feilich gedrach foar elkoar' is fêststeld troch it kolleezje fan Deputearre Steaten. Yn it bestjoersakkoart ‘Oparbeidzje foar Fryslân’ wie al oankundige dat de provinsje Fryslân mei in nije fisy op ferkearsfeiligens komme soe. Dizze fisy is no fêststeld. Yn de fyzje wurdt mear omtinken bestege oan feilige oerstekplakken ferbetterjen fan feiligens fan fytsers, bygelyks troch te sjen nei de breedte fan fytspaden. Dêrneist is der mear ynset op gedrachsferoaring en bewustwurding bygelyks troch middel fan edukaasjeprogramma’s foar skoalbern en âlderein en kampanjes om it brûken fan de fytshelm te befoarderjen.