Beslutelist Deputearre Steaten 11 febrewaris 2025
1. Gjin folsleine fergunningenstop yn Fryslân
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat besletten om gjin fergunningenstop yn te fieren yn Fryslân. Op 18 desimber 2024 die de Raad van State útspraak oangeande Rendac en de Amersintrale. Troch de útspraak is yntern salderen opnij fergunningplichtich en dêrby moat toetst wurde oan additionaliteit. Dit betsjut dat stikstofromte net ynset wurde mei foar in projekt salang't dit nedich is foar de natuer. Dêrtroch binne de mooglikheden om yntern te saldearjen hiel beheind wurden. Yn de praktyk is de ferwachting dat der net in soad fergunningen ferliend wurde kinne en dat de fergunningferliening stikstof (ek by oare provinsjes) foar in grut part stil leit. Lykwols, op dizze wize spant de provinsje Fryslân him maksimaal yn om it beheind tal fergunningen dy't mooglik wól ferliend wurde kinne, te ferlienen.
2. Subsydzje foar Grutto Landschap Project 2025
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat besletten om €100.000,- oan subsydzje te jaan oan de Rijksuniversiteit Groningen foar it ûndersyksprojekt ‘Grutto Landschap Project 2025’. Yn it ûndersyk wurdt de ûntwikkeling fan greidefûgels folge en wurdt ûndersocht wêr't it misgiet yn it oerlibjen fan aaien en piken fan greidefûgels. It projekt past binnen it belied fan de provinsje Fryslân om de populaasje greidefûgels te ferbetterjen en om greidefûgelgebieten te kreëarjen wêryn't de greidefûgels libjen bliuwe kinne.