Beslutelist Deputearre Steaten 11 juny 2024

1. Subsydzje foar buertbussen 

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe besletten om trije buertbussen dochs subsydzje te ferlienen. Trije fan de fiif buertbussen foldogge net oan de noarm út de Subsydzjeregeling iepenbier ferfier Fryslân 2022 (hjirnei: de regeling) dat sy gemiddeld op syn minst 400 reizgers yn de moanne ferfiere. It giet om de buertbussen 101 Bûtenpost-Gruttegast, 102 Makkum-Hylpen en 104 Opsterlân. Yn stee fan 400 reizgers wurde der tusken de 250 en 350 reizgers ferfierd. De buertbussen spylje in wichtige rol by yn de berikberens fan it lanlik gebiet. Dêrom hat it kolleezje fan Deputearre Steaten besletten om dochs subsydzje te ferlienen foar de buertbussen.