Beslutelist Deputearre Steaten 14 jannewaris 2025

1. Twatalige ferkearsbuorden yn Fryslân 

Foar de fitaliteit fan it Frysk is it wichtich dat de taal yn de iepenbiere romte in lykweardich plak njonken it Nederlânsk krijt. Besletten is de noarm foar ferkearsbuorden mei tekst yn it Fryske taalgebiet twatalich fêst te stellen en ta te passen op de Fryske diken ûnder provinsjaal behear en harren yn te setten om it Ryk en de gemeenten itselde dwaan te litten op de diken ûnder harren behear. Dêroer fine petearen plak mei gemeenten en RWS. It beslút is yn line mei de BFTK, de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer dy't ferline jier ûndertekene is. Plakbuorden bliuwe bûten beskôging yn dit proses. It beslút giet oer RVV-buorden. Dat binne fytspadbuorden, sinneboarden ensafuorthinne.