Beslutelist Deputearre Steaten 14 maaie 2024

1. Fansels Frysk – beliedsnota Fryske taal 2025-2028

De beliedsnota Fansels Frysk 2020-2028 is de opfolging fan de beliedsnota Nij Poadium, dy't ein dit jier ôfrint. De basis foar dizze nije nota is ûnder oare de BFTK 2020-2028 dy 't op 8 april 2024 ûndertekene is troch Ryk en provinsje. Yn dizze nota wurde de doelen foar de kommende fjouwer jier beskreaun, mei de langetermynfyzje (2051) yn de efterholle.

2. Fuortgong projekt N358 Skieding en N358 Uterwei

Deputearre Steaten hawwe besletten om útfiering te jaan oan it projekt N358 Skieding en N358 Uterwei. Dizze projekten hawwe as doel om de ferkearsfeiligens op dizze dyk te ferheegjen. De tariedings foar dit projekt rinne al 10 jier. Yn de realisaasjefaze fan it projekt is no in AERIUS-berekkening dien. Ut dy berekkening hat bliken dien dat der gjin sprake fan in taname yn stikstofdeposysje op Natura 2000-gebieten. Dêrby wurdt gebrûk makke fan yntern salderen. Konfoarm it provinsjale stikstofbelied dat ferline wike troch it kolleezje fêststeld is, mei gebrûk makke wurde fan Fryske stikstofromte foar provinsjale projekten as dy stikstofromte net brûkt wurde kin troch in PAS-melder.

3. Wurkgelegenheidssifers 2023

De factsheet Wurkgelegenheid jout ynsjoch yn provinsjale, sektorale en regionale wurkgelegenheidsûntwikkeling. Tusken de peildata 1 april 2022 en 1 april 2023 is it totaal oantal banen yn Fryslân mei 6.655 tanaam, goed foar in groei fan 2,1%. Fierder wurdt de factsheet Arbeidsmerk publisearre. Yn alle beropsklassen is sprake fan in krappe arbeidsmerk yn it fjirde fearnsjier fan 2023. Yn it fjirde fearnsjier fan 2023 wie de spanning op de arbeidsmerk yn Fryslân krekt wat minder grut as yn deselde perioade yn 2022.

4. Jierstikken 2023

De jierstikken 2023 binne de lêste ferantwurdingsdokuminten oer it begruttingsjier 2023. De basis dêrfoar foarmet de fêststelde begrutting 2023 en de wizigingen dêrop by de bestjoersrapportaazje en it autorisaasjemomint desimber. Der wie yn 2023 in posityf resultaat realisearre fan €39,1 mln. De akkountant hat in goedkarrende kontrôleferklearring ôfjûn op de provinsjale jierrekken 2023.