Beslutelist Deputearre Steaten 15 oktober 2024
1. Fryske OV-monitor 2023
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat de Fryske OV-monitor 2023 fêststeld. De Fryske OV-monitor ljochtet de ûntwikkelingen fan it Fryske iepenbier ferfier yn 2023 ta. Fryske reizgers wurdearje it iepenbier ferfier noch hieltyd goed mei in 7,8 (heger as yn 2022 7,7) en gelyk oan it gemiddeld sifer yn Nederlân. De punktualiteitssifers fan 2023 litte sjen dat de measte bussen op tiid oankaam binne op einhalte of knooppunt mei 92,9% (93,4% yn 2022).