Beslutelist Deputearre Steaten 18 juny 2024

1. Betingsten iepenstelling Investeringsregeling Reductie Stikstofemissie fêststeld 

Deputearre Steaten hawwe de betingsten fan de 'Investeringsregeling Reductie Stikstofemissie Noord-Nederland' fêststeld. It doel is om dizze regeling yn july 2024 op 'e nij iepen te stellen foar boeren yn Fryslân, Grinslân en Drinte. De subsydzjeregeling is bedoeld foar maatregels dy't soargje foar minder stikstofútstjit op harren bedriuw. It maatregelpakket yn de regeling is sa oanpast dat realisaasje fan maatregels in heger reduksjepersintaazje fan stikstofútstjit opsmyt. Yn totaal is binnen dy iepenstelling € 10 miljoen beskikber.

2. Utfieringsprogramma Tagonklikens iepenbier ferfier 2024–2028 

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat it Utfieringsprogramma Tagonklikens iepenbier ferfier Fryslân 2021-2028 fêststeld. Yn it útfieringsprogramma stean maatregels dy't it kolleezje nimme wol om it iepenbier ferfier yn Fryslân tagonkliker te meitsjen foar minsken dy't minder falide binne. It giet dan bygelyks om bushaltes tagonkliker te meitsjen en it soargjen foar reisassistinsje foar minsken dy't minder falide binne.