Beslutelist Deputearre Steaten 19 novimber 2024

1. Tarieding op beslút gaswinning Ternaard

Ferwachte wurdt dat de minister fan Klimaat en Groene Groei foar 1 jannewaris 2025 in beslút nimt oer al of net de fergunning ôfjaan foar gasboarrings út Ternaard wei. Deputearre Steaten hawwe hjoed besletten om yn berop te gean as it beslút naam wurdt om gaswinning wol ta te stean. Dêrfoar wurdt, as Provinsjale Steaten dêrmei akkoart gean, tegearre mei Wetterskip Fryslân in stichting oprjochte.

2. Twa iepenstellingsbesluten GLB foar yntegrale gebietsûntwikkeling

De provinsje Fryslân iepenet twa nije subsydzjeregelingen om yntegrale gebietsûntwikkeling te stypjen. De earste regeling, mei in subsydzjeplafond fan €480.000,- en in provinsjale kofinansiering fan €273.600,-, rjochtet him op it tarieden en oprjochtsjen fan gearwurkingsferbannen en it formulearjen fan gebietsopjeften. De twadde regeling, mei in subsydzjeplafond fan €10.000.000,- en in provinsjale kofinansiering fan €5.700.000,-, is bedoeld foar it útfieren fan yntegrale gebietsplannen. Beide regelingen falle ûnder it GLB-NSP.