Beslutelist Deputearre Steaten 2 july 2024

1. Konstitearjend beried kolleezje fan Deputearre Steaten

Deputearre Kooistra nimt it grutste part fan de besteande portefúlje fan âld-deputearre Wiersma oer. Der fine in pear lytse ferskowingen plak om mear balâns oan te bringen yn de totale wurklêst.

2. Kofinansiering Waddenfondsproject Het Ziltepad

It Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat besletten om yn te stimmen mei it jaan fan in kofinansiering bydrage fan €76.352,-, foar it mearjierrich programma Het Ziltepad. It Ziltepaad ferbynt 22 histoaryske tsjerken tusken East-Grins en Den Helder mei-inoar mei fyts - en kuierpaden. De totale rûte rint úteinlik lâns trije provinsjes: Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân en bestrykt de hiele waadkust. Ek oare partijen hawwe besletten om yn te stimmen mei in kofinansieringsbydrage, wêrûnder it Waddenfonds.