Beslutelist Deputearre Steaten 21 maaie 2024

1. Startnotysje ekonomy 

Ein dit jier wurdt de Beliedsbrief Ekonomy oan Provinsjale Steaten foarlein. As tarieding dêrop leit DS in Startnotysje foar oan de Steaten. Dêryn wurdt oanjûn hokker ûnderwerpen yn de Beliedsbrief oan de oarder komme moatte soene en hokker proses it kolleezje folget yn de tarieding fan it nije belied. Yn de Startnotysje wurde fiif fragen formulearre dy't PS beäntwurdzje kinne om dêrmei ynput en stjoering te jaan oan de Beliedsbrief Ekonomy. Nei ferwachting wurdt de Startnotysje yn july behannele yn Provinsjale Steaten.

2. Regionale Aanpak Laadininfrastructuur 2024 – 2025 

Deputearre Steaten hawwe in Regionale Aanpak voor Laadininfrastructuur 2022 -2025 fêststeld. De regionale oanpak is yn gearspraak mei gemeenten opsteld. Sa is der in twajierlikse Regionale Agenda Laadininfrastructuur opsteld dêr't konkrete aktiviteiten en wurkôfspraken yn makke binne om de laadynfrastruktuer yn Fryslân te fersnellen. Dy ôfspraken geane oer it optimalisearjen fan it besteande netwurk foar personefoertugen, in laadnetwurk foar bestelbussen en frachtweinen en it tûk laden fan auto's, boulogistyk en fartugen.