Beslutelist Deputearre Steaten 22 oktober 2024

1. Dossiers Fryske PAS-melders beoardiele

De provinsje Fryslân hat alle dossiers fan de Fryske PAS-meldingen beordiele. Yn totaal binne 221 PAS-melders mei in brief ynformearre oer wat de beoardieling ynhâldt, wat de PAS-melder dwaan kin en hoe't we as provinsje ynsette op aktive kommunikaasje en meitinke mei de PAS-melders. 78 PAS-melders foldogge oan de betingsten fan it legalisaasjeprogramma PAS-meldingen, 52 PAS-meldingen foldogge net oan it legalisaasjeprogramma en 86 meldingen binne noch net klear om't wy noch wachtsje op dúdlikheid fan it Ryk of oer net genôch gegevens fan PAS-melders beskikke. Formeel is it Ryk oan set om sa gau mooglik dúdlikheid en perspektyf te jaan.

2. Undersyk nei effekten fan bedonging op boaiemlibben en stikstofkringloop 

Yn opdracht fan de trije noardlike provinsjes en yn gearwurking mei FrieslandCampina hat Bioclear earth in ûndersyk útfierd nei de effekten fan bedonging op it boaiemlibben by melkfeebedriuwen. Der binne fjouwer wizen fan bedonging ûndersocht: driuwdong mei seaddedonging, driuwdong boppegrûns, digesteat út monodongfergisters mei seaddedonging en fêste dong boppegrûns. De resultaten fan it ûndersyk binne gâns ûnthjit: de wize fan bedonging liket fan ynfloed op de kwaliteit fan it boaiemlibben. Boaiems dy't boppegrûns bedonge wurde blieken yn dit ûndersyk faak better te skoaren. Der is troch BioClear earth in glossy opsteld mei neiere ynformaasje oer it útfierde ûndersyk.

3. IMF Ferduorsumjen Mienskipgebouwen giet wer iepen

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) stelt de Provinsje Fryslân yn 2024 €1 miljoen euro beskikber foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen. Bestjoeren fan ferieningen en stichtingen dy't eigener binne fan maatskiplik fêstgoed kinne fan 4 oant en mei 21 novimber in oanfraach yntsjinje foar it duorsumer meitsjen fan harren doarpshuzen, sportakkommodaasjes, musea, tsjerken en oare mienskipsgebouwen. Foar elk projekt is maksimaal €35.000, - beskikber oant in maksimum fan 50% fan 'e kosten. Foar begelieding by it dwaan fan in oanfraach kinne bestjoeren telâne by de streekkantoaren fan de Provinsje Fryslân yn Burgum (Noardeast-), De Gordyk (Súdeast-), Snits (Súdwest-), Frjentsjer (Noardwest-Fryslân) en Harns (eilannen).