Beslutelist Deputearre Steaten 25 febrewaris 2025

1. Subsydzjeregeling foar mobiliteitsinisjativen Fryslân Underweis 

Yn it Bestjoersakkoart 2020-2027 stiet dat de provinsje Fryslân soargje wol foar in bettere berikberens binnen Fryslân, benammen op it plattelân. Dêr is in budzjet fan €4 miljoen foar beskikber steld. Yn de simmer fan 2024 binne dêrfoar seis regiogearkomsten ‘Fryslân Undersjoch’ organisearre om winsken en ideeën op te heljen út de Mienskip wei. Nei oanlieding fan dy regiogearkomsten sil de provinsje in subsydzje beskikber stelle foar doarpen en wiken om mobiliteitsinisjativen op te setten. Yn it neijier fan 2025 wurdt earst €1 miljoen iepensteld. Doarpen en wiken kinne foar begelieding by it dwaan fan in oanfraach telâne by de streekkantoaren fan de Provinsje Fryslân.

2. Tuskentiidske evaluaasje KRW-nota Fryslân 2022-2027

De Europese Kaderrichtlijn Water (KRW) rjochtet him op de beskerming fan grûn- en oerflaktewetter. Yn de ôfrûne jierren binne wetterkwaliteit en de biodiversiteit yn en lâns it wetter ferbettere. Fryslân is dêrmei op de goede wei, mar de KRW-doelen binne noch net folslein helle. Ut de tuskentiidske evaluaasje docht bliken dat om foldwaan te kinnen oan de KRW opjefte it maatregelpakket oanpast wurde moat. Dêrneist binne der nije hannelingsperspektiven foar provinsjes oangeande de wetterkwaliteit. Provinsjale Steaten behannelje dizze evaluaasje nei ferwachting yn april.

3. Iepenstelling Iepen Mienskipsfûns 

Fan 17 maart oant en mei 10 april (17.00 oere) 2025 kinne inisjatyfnimmers wer harren leefberensprojekt yntsjinje by it Iepen Mienskipsfûns (IMF). It giet hjirby om in totaalbedrach foar hiel Fryslân fan €1.000.000,-.