Beslutelist Deputearre Steaten 25 juny 2024

1.Undertekening fan it Bestjoersakkoart gebietsynvestearringen ‘Netten op Zee’ 

Deputearre Steaten hawwe it Bestjoersakkoart gebietsynvestearringen ‘Netten op Zee’ PAWOZ-Eemshaven ûndertekene. Yn it ramt fan de 'Netten op Zee' hat it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat middels beskikber steld foar gebietsynvestearringen foar de oanslútlokaasjes fan de takomstige wynparken op de Noardsee. Mei de ûndertekening fan dit bestjoersakkoart komt der 50 miljoen euro beskikber foar de regio Noard-Nederlân. De middels binne bedoeld om ynvestearringen te dwaan dy't de leefkwaliteit fan de ynwenners yn it gebiet ferbetterje. Spesifyk komt der hjirmei 10 miljoen euro beskikber foar de gemeente Skiermûntseach. By eventuele ûnderútputting kinne ek de gemeenten Amelân en Noardeast-Fryslân gebrûk meitsje fan dizze middels.

2. Ekstra natuerûntwikkeling yn de Mieden 

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe besletten om yn te stimmen mei de realisaasje fan 187 ha NNN yn it Miedegebiet. It Miedegebiet yn de gemeente Achtkarspelen is ûnderdiel fan it Natuurnetwerk Nederland. De opjefte is om yn 2027 yn Fryslân 2000 hektare yn te rjochtsjen as natuer. Dêrfan leit 740 hektare binnen it Miedegebiet. Troch in grutte kavelruil yn it gebiet kin no in wichtige folgjende stap set wurde foar it realisearjen fan dizze natuer. De ynrjochting is basearre op it plan ‘Mieden op syn moaist’. Der wurde ûnder oare maatregels útfierd om de wetterpeilen te ferheegjen, sleatten te ferûndjipjen en te dimpen en nije slotten te graven.

3. Opheging subsydzjeplafond foar takomstbestindich meitsjen boerebedriuw 

Begjin 2024 koene agrarysk ûndernimmers subsydzje oanfreegje foar de oanskaf fan ynstallaasjes en masines foar it takomstbestindiger meitsjen fan harren bedriuw ûnder it nije Mienskiplik Lânboubelied. Der binne folle mear oanfragen yntsjinne as it totaalbudzjet (€1.955.000,-) dat beskikber wie yn dy earste iepenstelling. Dêrom hat de provinsje it subsydzjeplafond foar jonge lânbouwers ferhege mei yn totaal €5.445.000,-. Yn totaal kinne dêrmei 73 ekstra oanfragen fan jonge agrariërs goedkard wurde. Sy krije maksimaal 55 persint fan de ynvestearring fergoede ta in bedrach fan €125.000,-. De regeling stiet ein 2024 op 'e nij iepen foar oanfragen.

4. Undertekening Convenant Verduurzaming asfaltketen Noord-Nederland

De provinsje Fryslân hat besletten om it konvenant Verduurzaming asfaltketen Noord-Nederland te ûndertekenjen. Mei de ûndertekening fan it konvenant sprekke oerheids- en merkpartijen ôf dat se kânsen foar ferduorsuming op it mêd fan asfalttapassings benutte. It konvenant sil ûndertekene wurde troch de trije noardlike provinsjes, de trije gruttere gemeenten (Ljouwert, Grins, Assen), alle asfaltsintrales yn Noard-Nederlân en Vereniging Circulair Fryslân. Yn it konvenant wurdt de doelstelling út de Klimaatwet ûnderskreaun om yn 2030 op syn minst 55% minder CO2 út te stjitten neffens 1990.