Beslutelist Deputearre Steaten 28 jannewaris 2025
1. Earste fase Natuerdoelanalyses (NDA's) ôfsletten
De earste faze fan it opstellen en oanpassen fan de natuerdoelanalyzes (NDA’s) is ôfrûne. Natuerdoelanalyzes (NDA's) binne analyzes oer de steat fan de natuer yn stikstofgefoelige N2000-gebieten. De analyzes wurde troch provinsjes útfierd út it Rijksprogramma Stikstofreductie en Natuurherstel (PSN) dêr't yn stiet dat de natuer ferbettere wurde moat en dat de stikstofdelslach omleech brocht wurde moat. De Fryske NDA’s meitsje dúdlik dat wy foar in soad soarten en habitattypen oanfoljende maatregels treffe moatte om de doelen te heljen. No't dy faze klear is, sil de provinsje oan de slach mei it oanpakken fan de kennisleemtes.