Beslutelist Deputearre Steaten 3 desimber 2024
1. Heger berop tsjin útspraak Rjochtbank Noard-Nederlân Meten=Weten
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat besletten om yn heger berop te gean tsjin de útspraak fan de Rjochtbank Noard-Nederlân oangeande Meten=Weten. Op 22 oktober 2024 hat de Rjochtbank Noard-Nederlân útspraak dien oangeande de ôfwizing fan in hanthaveningsfersyk troch de feriening Meten=Weten. De rjochtbank hat it berop tsjin it troch ús ôfwiisd hanthaveningsfersyk fan Meten=Weten grûndearre ferklearre. Dit omdat neffens de rjochtbank net útsletten wurde kin dat de teelt fan leeljes signifikante effekten hat op it neistlizzende Natura 2000 gebiet Drents-Friese Wold & Leggelderveld. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat besletten om yn heger berop te gean om't it kolleezje fan miening is dat der gjin sprake is fan in oertrêding.
2. Iepenstellingsbeslút agrarysk natuer - en lânskipsbehear 2025
It kolleezje hat besletten de regeling foar agrarysk natuer - en lânskipsbehear (ANLb) 2025 yn Fryslân iepen te stellen. Alle jierren wurdt € 1.600.000 beskikber steld út it GLB-NSP budzjet, € 1.770.000, - út it Aanvalsplan Grutto wei, en € 134.500, - út it Greidefûgelkompensaasjefûns wei. Subsydzjeoanfragen kinne yntsjinne wurde fan 16 oant 20 desimber 2024. It jild foar de regeling agrarysk natuer- en lânskipsbehear (ANLb) 2025 yn Fryslân kin útjûn wurde oant 2028.