Beslutelist Deputearre Steaten 4 febrewaris 2025
1. Tekoart Vismigratierivier blykt €13 miljoen
Dat docht bliken út it definitive ûntwerp fan de Vismigratierivier (VMR) dat pas ôfrûne is. De ôfrûne moannen is der mei de inisjatyfnimmers, eksterne partijen en eksperts fan de VMR sjoen nei it ôfrûnjen en it definitive ûntwerp. Foar de folsleine oanbou en ôfrûning fan de VMR is €13 miljoen ekstra finansiering nedich. Nei oanlieding fan in tal ûntwikkelingen blykt der ûnder oare ekstra jild nedich te wêzen foar de oankeap fan sân. Earst wie it de bedoeling om it sân út de geulen fan de Slûs Koarnwertersân te heljen. No't der troch fersilting gjin sân wûn wurde kin út de fargeul yn de Iselmar, moat it sân earne oars weihelle wurde en dus kocht wurde. Provinsje Fryslân sil de kommende moannen tegearre mei de inisjatyfnimmers fan it projekt op syk nei de mooglikheden foar ekstra finansiering.
2. Negatyf advys aktualisaasje gaswinningsplan Noordwolde
Vermilion hat in fersyk dien foar in aktualisaasje fan it winningsplan Noordwolde. De aktualisaasje giet om in ferlinging oant en mei 31 desimber 2031. Provinsje Fryslân bliuwt tsjin de winning fan gas yn Fryslân. Ek fanwege it risiko op skea troch boaiemdelgong. Der wurdt dêrom oan it ministearje fan Klimaat en Groene Groei negatyf advisearre en frege de fergunning foar de ferlinging net ôf te jaan.