Beslutelist Deputearre Steaten 4 juny 2024

1. Iepenstelling Subsydzjeregeling Monuminten 2024

Eigeners fan monuminten, karakteristike gebouwen en mûnen yn Fryslân kinne ynkoarten subsydzje oanfreegje foar restauraasje-, werbestimmings- en ûnderhâldsprojekten. Hjirfoar is dit jier goed 2,8 miljoen euro beskikber. Nij is dat eigeners fan ‘griene’ ryksmonuminten (lykas monumintale leanen) subsydzje oanfreegje kinne. De subsydzjeregeling is iepen fan 16 oant en mei 20 septimber. Dy wurdt no al oankundige sadat der tiid is foar de tarieding fan oanfragen

2. Ynstelling advyskommisje foar GLB-subsydzjeregeling

In nije advyskommisje sil it kolleezje fan Deputearre Steaten advisearje oer oanfragen foar de subsydzjeregeling foar oanlis of herstel fan grienfoarsjenningen en oare lânskipseleminten. De kommisje sil advisearje by de iepenstelling dit jier, wêrfoar 1,7 miljoen euro beskikber is, mar ek by iepenstellingen yn de kommende jierren. It giet hjir om subsydzjes foar projekten op net-lânbougrûn. De kommisje bestiet út Froukje Hernamdt (foarsitter ), Jan Douwe van der Ploeg, Jeroen Zomer en Johan Medenblik.