Beslutelist Deputearre Steaten 5 novimber 2024
1. Reaksje op ferkenning foar gaswinning Fryslân Follegea Wâldsein (FFW)
It ministearje fan Klimaat en Groen Groei hat in foarnimmen publisearre om Vermilion tastimming te jaan in ferkenning te dwaan nei gas yn it gebiet FFW. Provinsje Fryslân hat in reaksje dêrop ferstjoerd. Hjiryn lizze wy út wêrom’t gaswinning yn dit gebiet net feilich en ferantwurde kin. Wichtichste punt hjiryn is de oanwêzigens fan it feangreidegebiet mei de byhearrende problematyk. Gaswinning feroarsaket ûnherstelbere skea yn dit gebiet. Dêrneist bringe wy inkelde spesifike punten nei foaren oer de foarstelde partisipaasjeproseduere.
2. Fuortgongsrapportaazje Greidhoeke Plus ‘Mei-inoar foarút op de klaai’
De fuortgongsrapportaazje jout in oersjoch fan de aktiviteiten en projekten dêr't Greidhoeke Plus (GP) de ôfrûne fiif jier oan wurke en bydroegen hat. GP is in ynterbestjoerlike gearwurking tusken de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en de gemeenten Waadhoeke, Súdwest-Fryslân en Ljouwert. GP stribbet nei in natuerynklusyf plattelân yn it Fryske klaaigebiet. Mei boeren, kollektiven, stichtingen en oare belutsenen is hjiroan wurke. De wichtichste finansieringboarne fan de ôfrûne jierren wie de Regio Deal Natuurinclusieve Landbouw (NIL).