1. Beliedsbrief prioritearring útjêfte stikstofromte 

Stikstofromte yn provinsjaal besit wurdt ynset foar de legalisaasje fan PAS-melders, mits dat juridysk mooglik is. Salang it net mooglik is, kin de stikstofromte ek tidelik brûkt wurde foar oare provinsjale projekten. Dat stiet yn it Beliedsbrief Prioritearring Utjêfte Stikstofromte, dy’t hjoed fêststeld is. It brief wurdt foarlein oan Provinsjale Steaten. Dy behannelje dit tema nei ferwachting yn juny.