Beslutelist Deputearre Steaten 7 oktober 2024
1. Beliedsnota Ekonomy
De beliedsbrief beskriuwt de haadlinen fan it ekonomysk belied. Yn it bestjoersakkoart is ôfpraat dat wy ynsette op seis spearpunten dy't opnommen binne yn de ekonomyske gearwurkingsaginda om sa ta in skjin, gelokkich en sûn Fryslân te kommen. Dit binne de spearpunten: wettertechnology, sirkulêre materialen, high tech materims and materials, gastfrijheid, maritime technology en agrofood. De provinsje nimt dêrby in oanjeiende en ferbinende rol. Dêrom sette wy yn op it stypjen fan it ekosysteem fan basisorganisaasjes binnen de seis spearpunten. De beliedsnota wurdt yn novimber yn Provinsjale Steaten behannele.
2. Subsydzjeregeling ynvasive eksoaten Fryslân ferbettere
Mei de subsydzjeregeling ynvasive eksoaten wol it kolleezje fan Deputearre Steaten de gearwurking en kennisûntwikkeling om it bestriden fan ynvasive eksoaten hinne yntinsivearje. Der is besletten om de subsydzjeregeling op in oantal punten te ferbetterjen. Sa kinne no ek partikulieren mei terreinen binnen NNN, N 2000 en natuerperselen gebrûk meitsje kinne fan de regeling om ynvasive eksoaten te bestriden. Dêrneist is de subsydzje ferromme. Oant no ta koene partikulieren yn NNN en N 2000 gebieten de helte fan de kosten subsidiearre krije foar de bestriding fan ynvasive eksoaten. Dat is oanpast nei it folsleine bedrach (100%) fan de subsidiabele kosten. As lêste is der ek noch in soarte fan tafoege oan de list: úthiemske rivierkreeften en de Sineeske wolhânskrabbe binne tafoege as ynvasive eksoat.