Beslútlist Deputearre Steaten 28 maaie 2024

1. Watercampus monitor 2023

Jierliks komt de WaterCampus Monitor út. De monitor fan 2023 is de 8e edysje yn de hjoeddeistige foarm. Ut dizze monitor docht bliken dat WaterCampus yn 2023 op 'e nij in goede ûntwikkeling trochmakke hat. De monitor lit sjen dat WaterCampus op fierhinne alle Key Performance Indicators (KPI ’s) resultaten en groei berikt hat.

2. Budzjet foar ûndersyk en monitoring wenningbou

DS hat besletten om foar de jierren 2024 oant en mei 2027 jierliks € 150.000,- frij te meitsjen foar monitoaring en ûndersyk. As ynput foar it werlykjen fan de regionale wendeals en it opstellen fan it Frysk Wenplan binne ûndersiken en monitoaring needsaaklik. Dat jild komt út it budzjet fan € 5.000.000,- foar Wenjen út it bestjoersakkoart.