Breed droegen kompensaasje-oanpak foar hegere peilen yn feangreide

Fryslân hat in rekken- en prosesoanpak ree foar it kompensearjen fan boeren dy’t yn it feangreidegebiet mei in heger wetterpeil te meitsjen krije. Yn dizze Compensatie Systematiek Veenweiden (CSV) wurde alle effekten fan sa’n peilferheging meiwoegen. De CSV waard op freed 28 juny presintearre en is troch Fryske oerheden, yn ‘e mande mei lânbou- en natuerorganisaasjes, ûntwikkele.

De CSV is in wichtich stik ark by de útfiering fan it Feangreideprogramma 2021-2030 (Foarút mei de Fryske Feangreiden) dat yn 2021 troch de Fryske oerheden fêststeld is. In wichtich doel yn dat programma is it ferminderjen fan boaiemdelgong en de útstjit fan broeikasgas as gefolch fan de ôfbraak fan fean. Ien fan de wichtichste maatregels dêrby is in strukturele ferheging fan de grûnwetterpeilen yn it feangreidegebiet. Dêrnjonken wurdt wurke oan in wettersysteem dat bestân is tsjin in feroarjend klimaat, in plus foar natuer en leefberens en in sûn perspektyf foar de lânbou is.

Yn 3 jier ûntwikkele

De CSV is yn de ôfrûne 3 jier troch in wurkgroep yn opdracht fan it Bestjoerlik Oerlis Feangreide (BOF) ûntwikkele. Dêryn lûke de provinsje, Wetterskip Fryslân, acht feangreidegemeenten en lânbou- en natuerorganisaasje mei-inoar op. De agraryske sektor is nau by de útwurking behelle. Yn Aldeboarn-De Deelen is de CSV yn 2023 yn in praktyksimulaasje test.

Tapassing yn gebietsprosessen

De CSV is bedoeld om yn gebietsprosessen, sa’t dy no op ûnderskate plakken yn it Fryske feangreidegebiet rinne, yn te setten. Mei de kompensaasjemetodyk kinne de effekten fan de maatregels om de grûn wieter te meitsjen berekkene wurde. Foarbylden dêrfan binne in legere wearde fan lânbougrûn, in mindere opbringst en minder goed begeanber foar fee en masinen. Dy effekten reitsje it ynkommen en de fermogensposysje fan boerebedriuwen.

Underboude karren

Oan ‘e hân fan in konkreet senario foar peilferheging kin mei help fan de CSV oan boeren en grûneigeners yn ‘t foar helder oanjûn wurde wat de konsekwinsjes foar harren bedriuw binne. Boeren kinne dan goed ûnderboude karren meitsje oer harren takomstige bedriuwsfiering en yn prinsipe sels kieze oft se yn grûn of jild kompensearre wurde wolle.

Kompensaasjegrûn as betingst

Om gebietsprosessen op gong te krijen is jild nedich en ruilgrûn. De lânbousektor seit mei klam dat beskikke kinne oer foldwaande kompensaasjegrûn in essinsjele betingst is om it Feangreideprogramma út te fieren. De provinsje is dêrom yn rinnende gebietsprosessen aktyf dwaande om foldwaande kompensaasjegrûn yn besit te krijen.

Sinjaal oan it Ryk

De finansiering dêrfan moat fan it Ryk komme. No’t it Transitiefonds yn it Hoofdlijnenakkoord  skrast is, sille dêr oare boarnen foar socht wurde moatte. De oerheden en lânboupartijen yn Fryslân jouwe mei de CSV in helder sinjaal nei it Ryk ôf dat sy trochpakke wolle mei de gebietsprosessen en dat dêr noch hieltyd jild beskikber foar komme moat.

De CSV wurdt no foar notifikaasje oan de Europeeske Kommisje foardroegen. Dat is nedich om foar te kommen dat kompensaasje oan ‘e hân fan de CSV letter as net tastiene steatsstipe útlein wurde kin. De ferwachting is dat fan de kant fan Brussel yn 2025 goedkarring jûn wurdt.