Emplacement Ljouwert
ProRail en Strukton fernije en sanearje spoaren en wiksels yn en om Ljouwert. Sy breidzje de boppelieding út en bouwe service- en opstelspoaren. Ek wurdt de drainaazje en wetterfoarsjenning ferbettere. It spoar wurdt robúster makke. Hjirtroch is der minder kâns op steuringen. Treinreizgers ûnderfine hjir hinder fan yn de moannen juny en july.
Wannear gjin treinen?
Omdat ProRail en Strukton sawol oerdeis as nachts oan it spoar wurkje, ride tusken 1 juny en 9 july 2024 minder of gjin treinen. Ferfierders Arriva en NS setten bussen yn. De earste wurksumheden begjinne yn it wykein fan 1 en 2 juny 2024, folge troch in langere bûtentsjinststelling fan 23 dagen tusken 17 juny en 9 july 2024.
Reisynformaasje
Mear ynformaasje oer de tsjinstregeling is te finen op www.arriva.nl/werkaanhetspoor en www.ns.nl/werkzaamheden. Fan 10 dagen foar de reisdatum ôf is in aktueel reisadvys te finen yn de reisplanners.
Mear ynformaasje?
Wolle jo mear witte oer it projekt? Sjoch dan op Leeuwarden Emplacement | ProRail.