Fakânsje en rekreaasje moat berikber wêze foar alle ynkommensgroepen

Oer dizze problematyk en mooglike oplossingen hjirfoar giene beliedsmakkers, bestjoerders en sektorfertsjintwurdigers op 9 april yn petear. De gearkomste waard organisearre troch de provinsje Fryslân tegearre mei ANWB, HISWA-RECRON, Koninklijke Horeca Nederland, Merk Fryslân en Toerisme Alliantie Friesland. 

De gearkomste rjochte him benammen op it agindearjen fan it belang fan fakânsje en rekreaasje foar gesinnen yn earmoede binnen de provinsje Fryslân en har gemeenten. Op de gearkomste waard it ûnderwerp út ferskate hoeken wei taljochte. Hoe is it ast sels net op fakânsje kinst? Wat kin de rekreaasjesektor dwaan? Sawol in ûnderfiningssaakkundige as inisjatyfnimmers dy't harren al ynsette foar dizze doelgroep kamen harren ferhaal fertellen. Dêrneist joech it Fries Sociaal Planbureau in presintaasje rûnom earmoede yn Fryslân. 

Startmomint foar aksje

“Wy binne grutsk op de Fryske rekreaasje- en gastfrijheidssektor. Dy moat him fierder ûntwikkelje kinne. Wy moatte sjen litte dat dizze sektor der foar elke ynkommensgroep is. Dêryn hawwe toerisme-promotors lykas Merk Fryslân en Toerisme Alliantie Friesland in wichtige rol. Dizze byienkomst is foar alle belutsen partijen it startmomint om ta aksje te kommen. Ik wol dan ek de oprop dwaan oan elkenien yn Fryslân om der mei-inoar foar te soargjen dat elk bern út Fryslân op fakânsje kin”, seit deputearre Friso Douwstra. 

Undernimmers of ynwenners mei in goed idee oft ûndernimmers dy't in akkommodaasje beskikber stelle wolle kinne kontakt opnimme mei de Toerisme Alliantie Friesland fia www.TAF.frl

Mensen zijn op het strand aan het recreëren met op de achtergrond huisjes.
Foto: Harrie Dijkstra