Feestlike start busferfier Qbuzz yn Fryslân
Fan ’e moarn betiid dielden deputearre Matthijs de Vries en operasjoneel direkteur fan Qbuzz Anita Schrage wat lekkers út oan reizgers op busstasjon Ljouwert. Dat om te fieren dat Qbuzz sûnt justermoarn, snein 15 desimber, troch Fryslân rydt. Dêrnei stapten se op ’e bus rjochting bushalte Blokhuisplein om as ien fan de earste reizgers in rit mei Qbuzz te meitsjen.
Qbuzz rydt fan no ôf troch de stêd en streek yn Fryslân. It fersoarget de takommende tsien jier it busferfier. Dêrfoar hat Qbuzz de ôfrûne tiid hurd wurke. Nije stallingen, nije bussen en in nije tsjinstregeling.
“Sneintemoarn seach ik de earste blau-giele bussen foarby riden. It is in enoarme operaasje om it hiele busferfier yn Fryslân mei nije bussen en oare rûtes yn ien kear oer te setten. Meiwurkers fan sawol Qbuzz as de provinsje hawwe hurd wurke om alles foar elkoar te krijen. As it dan allegear goed ferrint, meie we absolút grutsk wêze. In moaie mylpeal,” seit deputearre De Vries.
Anita Schrage follet dit oan: “Fryslân kleurt geel en dat is erg mooi om te zien. Onze nieuwe collega’s die zaterdag op zondagnacht bij ons in dienst zijn gekomen doen het fantastisch. Samen met al bestaande Qbuzz-collega’s vormen ze een mooi team. Het is logisch dat het op zo’n tweede dag voor reizigers en collega’s soms nog even zoeken is. Gelukkig gaat er veel goed. En gaat er iets niet zoals gepland, dan lossen we het op. Ik zie dat er met veel inzet en enthousiasme wordt gewerkt aan de service naar onze reizigers. Dat geeft energie!”