Regionaal Mobiliteits Programma 1.0 Fryslân (RMP)
Provinsjale Steaten hawwe op 21 desimber 2022 it Regionaal Mobiliteits Programma 1.0 fêststeld (ôfkoarte oant RMP) foar de provinsje Fryslân. It RMP folget it Provinciaal Verkeers- en Vervoers Plan (PVVP) op, sa't foar it lêst yn 2011 fêststeld is.
It RMP befettet it mobiliteitsbelied fan de provinsje Fryslân, wêrby't mei klam sjoen is hoe't mobiliteit yn ús provinsje bydrage kin oan de doelstellingen fan it ynternasjonale Klimaatakkoart út 2016.
It UP RMP hat fiif programmalinen dy’t de basis foarmje fan ús wurksumens:
- Wy binne goed berikber en ús netwurken binne betrouber, effisjint en takomstbestindich;
- Wy ferpleatse ús duorsum;
- Wy sette yn op mobiliteit foar elkenien;
- Wy ferpleatse ús feilich;
- Wy sette yn op tûke techniken.
Alle jierren wurdt útfieringsprogramma foar it RMP fêststeld. Yn dit útfieringsprogramma lêze jo de plannen en aktiviteiten fan de provinsje Fryslân op it mêd fan mobiliteit en ynfrastruktuer. Ek befettet it in oersjoch fan it programmearre ûnderhâld en behear fan ús provinsjale (far)wegen en keunstwurken.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.