Fryske sporten
Dizze regeling is sletten om 't it subsydzjeplafond berikt is.
Foar it organisearjen fan in Fryske sport lykas keatsen, fierljeppen, skûtsjesilen, damjen Frysk spul of de Fryske hynstesport kin subsydzje oanfrege wurde fan 21 jannewaris oant en mei 31 oktober 2025.
De provinsje hopet mei dizze subsydzjeregeling te berikken dat mear minsken dielnimme sille oan Fryske sporten. It subsydzjeplafond is € 100.000.
Subsydzjdiabele aktiviteiten
Subsydzje kin frege wurde foar in sportevenemint op it mêd fan de Fryske sporten.
Oanfraach yntsjinje
De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 5.2.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. Besjoch goed oft jo oan alle betingsten foldogge foardat jo ûndersteand oanfraachformulier yntsjinje. It is belangryk dat jo it oanfraachformulier folslein ynfolje en dat jo alle frege bylagen taheakje. Besteed foaral ek foldwaande omtinken oan de begrutting. Jo kinne in format foar in begrutting fia ús Klantkontaktsintrum opfreegje. Jo kinne de oanfraach oer de post opstjoere of ôfjaan by de baalje fan it provinsjehûs.
Hichte fan it subsydzje
It subsydzje is op syn meast 35% fan de kosten dy’t subsidiearre wurde kinne, mei in maksimum fan € 5.000. As it om in oanfraach giet foar seis of mear sporteveneminten kin op syn heechst in subsydzje fan € 15.000 frege wurde.
Mear ynformaasje
Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei it KCC op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.
Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.