Fryslân ûndertekenet Kleine Kernen Aanpak op nasjonale Woontop

Woansdei 11 desimber fûn de Nationale Woontop plak yn Nieuwegein. Op dizze gearkomste kamen ferskate belanghawwenden by-inoar om konkrete ôfspraken te meitsjen oer de fersnelling fan de wenningbou yn Nederlân. Minister fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardening Mona Keijzer en minister-presidint Dick Schoof wiene oanwêzich om it belang fan dizze top te ûnderstreekjen. 

Ien fan de wichtichste útkomsten fan de Wentop wie de mienskiplike ynset om jierliks 100.000 nije wenningen te realisearjen, wêrfan’t twatredde betelber wêze moat. Dat betsjut dat keapwenten dit jier maksimaal €390.000,- kostje meie en hierwenten in maksimale hier fan €1.158,- hawwe. Dizze bedraggen wurde alle jierren bysteld. 

De deputearre fan Fryslân, Abel Kooistra, wethâlder Erik de Groot fan de gemeente Harns (portefúljehâlder VFG) en Ellen Masselink (lid fan de Landelijke Versnellingstafel Woningbouw regio Noord-Nederland) ûndertekenen tegearre mei minister Mona Keijzer by dizze Woontop de Kleine Kernen Aanpak. Dy oanpak is rjochte op it stypjen fan alle lytse kearnen yn de provinsje Fryslân. Hjir kinne wol wenningen boud wurde, mar faak binne dit beheinde oantallen. It ûntbrekt gemeenten faak oan minskkrêft om útfiering hjirfan te begelieden. 

De provinsje Fryslân telt hûnderten lytse kearnen. Dit binne faak hiel hechte mienskippen dy't goed organisearre binne en faak noch in skoalle hawwe. Lykwols, jongerein en âlderein dy't lytser wenje wolle, kinne faak net yn har eigen doarp terjochte en lûke dan tsjin wil en tank fuort. Hjirtroch bestiet de kâns dat lytse kearnen leechrinne, mei fierder ferlies fan foarsjennings as gefolch. 

Mei de Kleine Kernen Aanpak wol Fryslân yn 2025 gemeenten ûntsoargje troch kennis oer en help by de útfiering te bondeljen yn ien serviceburo. Gemeenten meie en kinne dêr dan gebrûk fan meitsje. Hjirtroch wurdt de fersnelling fan de bou fan wenningen mooglik makke, wat úteinlik de leefberens en de mienskipssin yn de lytse kearnen ten goede komt. 

Deputearre Abel Kooistra sei hjiroer: “Mei de Kleine Kernen Aanpak sette we in wichtige stap om de leefberens yn ús doarpen te behâlden en te fersterkjen. Troch gear te wurkjen en kennis te dielen, kinne we derfoar soargje dat elkenien, jong en âld, in passende wenning fine kin yn syn of har eigen mienskip.”