Fryslân yn beweging; elkenien docht mei

Yn 2040 beweecht op syn minst trijekwart fan alle Friezen genôch. Dat is it útgongspunt fan de nije beliedsbrief sport 'Fryslân yn beweging: elkenien docht mei'. De provinsje ynvestearret de kommende fjouwer jier hast 7,5 miljoen euro yn Fryske sporten, breedtesport en topsport.

“Foar in goede sûnens is bewege fan grut belang,” seit deputearre Femke Wiersma. “Dat jildt benammen foar ús jongerein. Dêrneist fyn ik de sosjale funksje fan sport hiel belangryk. Sporte bringt minsken fan alle leeftiden byïnoar. Wy hoopje der de kommende jierren oan by te dragen dat safolle mooglik Friezen har sûn fiele en genôch bewege.”

Provinsje Fryslân wol de goede rânebetingsten biede om in posityf en ynspirearjend sport- en beweechklimaat te kreëarjen foar wichtige spilers, lykas gemeenten, sportferieningen en maatskiplike organisaasjes. Sport Fryslân ferfollet as netwurkorganisaasje foar sport en bewege foar hiel Fryslân hjiryn in kaairol.

Sûnenskaptiaal begjint by jeugd

De projekten skoalreedriden en kabouterkeatsen litte sjen hoe wichtich oft it is om op in oantreklike wize sport oan bern oan te bieden. Dy oandacht wol de provinsje fia de beliedsbrief Sport de kommende jierren jaan bliuwe. Kabouterkeatsen en skoalreedriden laten ta in soad entûsjasme by de jeugd en ta ekstra oanwaaks by keatsklups.

Fryske sporten fitaal hâlde

It fierljeppen, Frysk damjen, keatsen en skûtsjesilen, mar ek it reedriden, drage by oan de identiteit fan Fryslân. Wy wolle de Fryske kultuersporten mear op de ynternasjonale kaart sette. Wy helpe de Fryske sportbûnen om goed trochtochte takomstbestindige karren te meitsjen om de Fryske sporten fitaal te hâlden. Dêrneist moat elts bern yn Fryslân yn oanrekking komme mei ien of meardere Fryske sporten, ynklusyf it reedriden.

Fersterking Fryske sportferieningen 

Fryslân hat in ryk ferieningslibben mei frijwilligers dy't in soad (sport)aktiviteiten organisearje. Binnen de breedtesport set de provinsje yn op it fersterkjen fan de organisaasjekrêft fan Fryske sportferienings. Dat op basis fan mear gearwurking tusken ferieningen, mear stipe foar (nije) inisjativen en in profesjoneel netwurk. Mei in mearjierrich plan jout de provinsje mei Sport Fryslân en de Fryske gemeenten de tagonklikheid fan en dielname oan sporten ûnder jongerein, âlderein en minsken mei in beheining in ympuls.

Fryslân Topsportregio

Topsport NOORD stipet yn de trije noardlike provinsjes sporttalinten en topsporters en set topsport en talintûntwikkeling op de kaart by oerheden, ûnderwiis en bedriuwslibben. Mei it kontinuearjen fan ús boekjiersubsydzje oan Topsport NOORD bliuwe wy ynvestearjen yn de trochûntwikkeling fan in duorsume ynfrastruktuer foar topsporters en talinten, mei It Hearrenfean as noardlik episintrum foar topsportûntwikkelingen. Dêrneist bliuwe wy yn ‘e mande mei de provinsjes Grinslân en Drinte en fiif noardlike gemeenten ynvestearjen yn de Noardlike Topsportaginda.