Gaswinning út it gasfjild Fryslân Follegea Wâldsein hat gjin draachflak: doch it net!

Mei de sluting fan it Grinzer gasfjild is de fokus op besteande en nije gasfjilden yn Fryslân kommen te lizzen. Fryslân is dêrmei op lân it nije 'wingewest' fan Nederlân. It ministearje fan Klimaat en Groene Groei giet oer gaswinning. Tegearre mei Vermilion Energy B.V. ûndersiket it ministearje de mooglikheden foar ierdgaswinning yn in nij gasfjild dat lein is yn in strook fan Wâldsein oant de Tsjûkemar. It troch it ministearje gestarte partisipaasjeproses lit sjen dat der gjin draachflak is by ynwenners en de Fryske Mynboutafel (Wetterskip, gemeenten en provinsje). De provinsje is fan betinken dat gaswinning ûnwinsklik is yn Fryslân. 

Gaswinning liedt ta boaiemdelgong en de gefolgen dêrfan binne net mear te kearen. Yn it gebiet is al sprake fan boaiemdelgong troch feanoksidaasje. Dêrtroch sille der ekstra en ûnferantwurde problemen en beheiningen ûntstean oangeande wetterbehear, drinkwetterwinning, natuer, agrarysk gebrûk, berikberens, ensfh. Dat moat letter foar safier mooglik wersteld of kompensearre wurde mei enoarme kosten en juridysk toutrek ta gefolch. 

Tredde fan opbringst nei regio 

Deputearre Friso Douwstra: “Der is gjin draachflak foar gaswinning yn Fryslân. We meitsje ús hjir grutte soargen oer. De kumulative - steapele - effekten binne ûndúdlik en risikofol en it leveret ûnomkearbere skea op dy't boppedat dreech te bewizen is. Mocht de minister dochs trochsette dan hantearret Fryslân de Fryske noarm: fan elke fertsjinne euro floeit minimaal in tredde werom nei de regio. Dat is fansels boppe-op in 100% kompensaasje fan optreden mynbouskea troch boaiemdelgong en ferfolchskea. Foarkom ûnkearbere Grinzer tastannen. Nije of ekstra gaswinning yn Fryslân? Doch it net!”

Lokale oerheden hawwe gjin foech om te besluten yn it al of net winnen fan gas. Dêr giet allinnich de minister fan Klimaat en Groene Groei oer. Wol kinne lokale oerheden advys en/of in ynhâldlike reaksje jaan. De provinsje Fryslân docht dit aktyf. Sawol mûnling as skriftlik is der kontakt mei it ministearje en wurde der negative advizen jûn. Wêr mooglik lit Fryslân ek de kommende perioade syn stim hearre.

Fersnelling feanoksidaasje, ferdrûging en fersâlting 

De beëage gaswinning by Follegea/Wâldsein leit midden yn it feangreidegebiet. Yn dit gebiet is troch feanoksidaasje al sprake fan boaiemdelgong. Dy delgong soarget foar it saneamde 'badkuipeffekt' wêrby't wetter fan de hege dielen út de provinsje nei de lege dielen rint. Op 'e hege sângrûnen giet dêrtroch ferdrûging fan 'e boaiem op. In oar effekt is dat it sâlter wurden fan it grûnwetter hurder giet. Dêrby streamt sâlt seewetter út de Waadsee en Noardsee wei fia de djippe grûnlagen ûnder de diken troch nei de lege parten fan de provinsje. 

Om feanoksidaasje, fersâlting en ferdrûging tsjin te gean binne hegere wetterpeilen yn de feangreidegebieten nedich. Dêrtroch ûntstiet tsjindruk en wurde de prosessen remme. It ferleegjen fan de peilen is dus gjin goede en hâldbere oplossing mear. Wetterskip Fryslân hat oanjûn de peilen net mear foar gaswinning ferleegje te wollen. Gaswinning yn feangreidegebieten liedt dus ta rappere boaiemdelgong en dêrtroch ta it steapeljen fan problemen yn it gebiet.