Goed €1 miljoen ekstra foar ferduorsumjen en restaurearjen fan Frysk erfgoed
De provinsje Fryslân, it Nationaal Restauratiefonds en in Frysk privaat fûns stelle mei-inoar €1,35 miljoen ekstra beskikber foar it Cultuurfonds voor Monumenten yn Fryslân. Fan febrewaris 2025 ôf kinne eigeners wer in liening tsjin geunstige betingsten oanfreegje by it Restauraasjefûns foar it ferduorsumjen, restaurearjen en/of werbestimmen fan lokaal beskerme monuminten yn Fryslân.
It Kultuerfûns foar Monuminten Fryslân stipet eigners fan lokaal beskerme monuminten, lykas gemeentlike en byldbepalende gebouwen. Dêrmei jouwe wy in ympuls oan in oantreklike en leefbere omjouwing. Yn de ôfrûne 20 jier hat it fûns yn Fryslân hast €6 miljoen oan lieningen mei lege rinte jûn. Sa hat bygelyks it molkfabryk yn Ljussens in nije bestimming krigen. De stoarting yn it fûns (€1.000.000,- fan de provinsje en de matching fan €250.000,- troch it Restauratiefonds) slute oan by it duorsumens - en erfgoedbelied fan de provinsje Fryslân.
Eke Folkerts, deputearre Erfgoed foar de provinsje Fryslân: “Troch gear te wurkjen mei it Cultuurfonds en it Restauratiefonds kinne wy eigners finansjeel mear perspektyf jaan. Dat is wichtich foar it behâld en libben hâlden fan ús erfgoed en tagelyk drage wy sa by oan de ferduorsuming fan monuminten en de enerzjytransysje. It is wichtich dat ús erfgoed mei komme kin yn de takomst. In soad moaie inisjativen binne mei troch dit fûns fierder kaam. Wy hoopje dat der mear folgje meie.”
Grutte belangstelling
Troch de grutte belangstelling foar in liening út it fûns is dit ekstra bedrach foar it fûns tige wolkom. Sa kinne wy op’e nij eigeners fan lokaal beskerme erfgoed yn Fryslân stypje by harren plannen. Dêrneist draacht dizze duorsume foarm fan finansiering ek by oan de kontinuïteit fan dit fûns. Rinte en ôflossing floeie nammentlik wer werom yn it fûns. Dêrtroch kinne ek oare eigeners wer holpen wurde by de restauraasje en ferduorsuming fan harren pân.
“Meer monumenteigenaren financieel ondersteunen om hun monument klaar te maken voor de toekomst. Daar zetten we ons dagelijks voor in. Daarom zijn we blij met deze bijdrage van de provincie en een Fries privaat fonds aan het Cultuurfonds voor Monumenten Fryslân. Wij zijn trots op deze samenwerking”, sa seit Uckeur Özcan, direkteur/bestjoerder fan it Nationaal Restauratiefonds.
Cultuurfonds voor Monumenten Fryslân
It fûns is in inisjatyf fan it Cultuurfonds en it Nationaal Restauratiefonds. De provinsje is de grutste partner. Eigners yn de provinsje Fryslân kinne de Cultuurfonds-hypoteek mei lege rinte fan febrewaris 2025 ôf oanfreegje by it Restauratiefonds. De hichte fan de hypoteek wurdt bepaald oan de hân fan de troch de gemeente fêststelde kosten. De rinte en ôflossing wurde weromstoart yn it monumentenfonds. Mear ynformaasje stiet op de webside fan it Restauratiefonds.
Cathelijne Broers, direkteur Cultuurfonds: “Deze samenwerking maakt het mogelijk om met een revolverend fonds blijvend impact te maken. Dankzij de rente en aflossing kunnen we steeds meer eigenaren helpen hun monument toekomstbestendig te maken. Lokaal beschermde parels die de regio karakter geven verdienen deze aandacht, zoals dat zo mooi gebeurt in de provincie Fryslân.”