Greidefûgelbehearregeling
Boeren dy't lân hawwe binnen in greidefûgelkearngebiet kinne fan 15 novimber 2022 oant en mei 14 febrewaris 2023 fia harren agrarysk kollektyf subsydzje oanfreegje.
Hokker agraryske kollektiven kinne subsydzje oanfreegje?
- Noardlike Fryske Wâlden
- Agrarysk kollektyf Waadrâne
- Gebietskoöperaasje It Lege Midden
- Gebietkollektyf Waadfûgels
- Kollektyf Westergo
- ELAN Súdeast Fryslân
- Koöperative feriening Súdwestkust
Lân geskikt meitsje foar greidefûgels
De subsydzje is bedoeld foar it wieter meitsjen fan it lân. Tink oan in heger wetterpeil en plas dras gebieten (stikken ûnderstrûpte lân). Greidefûgels fiele harren thús yn fochtige gerslannen. It ynrjochtingswurk foar in heech wetterpeil en/of plas dras falle ek ûnder de subsydzjeregeling. Tink oan it pleatsen fan dammen en of stuwen. Besjoch de subsydzjeregeling.
Hichte fan 'e subsydzje
It subsydzjeplafond foar dy iepenstelling is € 561.000, -. It jild is beskikber steld troch Deputearre Steaten fan Fryslân.
Subsydzje oanfreegje
Wolle jo subsydzje oanfreegje, dan fine jo it formulier ûnderoan dizze side. It oanfraachformulier kinne jo folslein ynfolle en foarsjen fan folsleine ûndertekening skriftlik yntsjinje.
Oare ynformaasje
Greidefûgels hearre by de Fryske kultuer en it Fryske lânskip. De provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar it stânhâlden fan greidefûgels yn Fryslân. Bygelyks de skries: 40% fan de Europeeske populaasje skriezen briedt yn Fryslân. De ôfrûne jierren is de stân fan de skries en in soad oare greidefûgelsoarten nettsjinsteande alle ynset en maatregels achterút gien. Dat komt ûnder oare troch bygelyks in leech wetterpeil. Greidefûgels hâlde fan wiete gebieten. It is dêrom fan belang om de leefomjouwing fan de greidefûgels te werstellen. Dat kin ûnder oare troch de grûnwetterstân te ferheegjen en it oanlizzen fan plas-dras gebieten (plassen yn it lân).
Vernatting is ien fan de wichtichste skeakels om foldwaande piken fleanfluch te krijen. Dêrom wol de provinsje yn it ramt fan har greidefûgelbelied dit fernatten fan greidefûgelgerslân fierder stimulearje. De provinsje fasilitearret, fia de kollektiven subsydzjes foar it treffen fan ynrjochtingswurksumheden en it yn stân hâlden fan it wieter wurden. De kollektiven bepale hokker behear- en ynrjochtingsmaatregels oft effektyf binne foar greidefûgels.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl