Grutskalige sporteveneminten
Dizze regeling is sletten om't it subsydzjeplafond berikt is.
Foar it organisearjen fan in grutskalich sportevenemint, kin subsydzje oanfrege wurde fan 21 jannewaris oant en mei 31 oktober 2025.
De subsydzje hat as doel de organisaasje fan grutskalige sporteveneminten te stimulearjen, mei it doel de sportdielname yn Fryslân te fergrutsjen. It subsydzjeplafond is € 125.000,-.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
De subsidiabele aktiviteiten binne:
- a. in ynternasjonaal sportevenemint
- b. in topsportevenemint
- c. in breedtesportevenemint
De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 5.1 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Hichte fan it subsydzje
De hichte fan it subsydzje is maksimaal 25% fan de totale subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000,-.
As it evenemint op syn minst seis dagen duorret yn in perioade fan fjirtjin dagen oanien en in oanwiisbere lokale ekonomyske ympuls tewei bringt, kinne jo in maksimum subsydzje fan € 10.000,- freegje.
Mear ynformaasje
As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo belje mei de ôfdieling Subsydzjes op tillefoannûmer 058 - 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.
Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.