Iepenbier ferfier Fryslân 2022
Fan 1 jannewaris 2022 ôf is op it mêd fan iepenbier ferfier foar trije ûnderdielen subsydzje oan te freegjen.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
De subsydzjeregeling iepenbier ferfier Fryslân 2022 hat de neikommende ûnderdielen:
-
Paragraaf 2.2. Subsydzje beskikber stelle foar it behear fan iepenbier ferfier
Oanfregers: in gemeente, in gearwurkingsferbân fan gemeenten of in oare partij dy't, al of net mei partisipaasje fan de provinsje, op basis fan in oerienkomst mei Deputearre Steaten it behear fiert oer it iepenbier ferfier dat ûnderdiel is fan in troch Deputearre Steaten ferliende konsesje; -
Paragraaf 2.3. Subsydzje beskikber stelle foar iepenbier ferfier troch de ynset fan in buertbus
Oanfregers: in buertbusorganisaasje of in gemeente -
Paragraaf 3. Projekten foar of relatearre oan iepenbier ferfier
Oanfreger: de inisjatyfnimmer fan in projekt:
-
foar iepenbier ferfier dat fernijend is binnen Fryslân;
-
foar it iepenbier ferfier dat te krijen hat mei ynfrastruktuer en dat past yn de beliedsramten OV ynfrastruktuer;
-
Op it mêd fan mobiliteit, net fan de OV mar wol relatearre oan OV, dat opnommen is yn it Utfieringsprogramma Ferkear en Ferfier of syn opfolger.
Betingsten
De oanfraachkritearia en oare ynformaasje, dy’t nedich is, binne te finen yn de subsydzjeregeling. Lês de regeling om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne. Tink derom: Foar 2022 is it nij dat foar alle trije de ûnderdielen oanfraachformulieren ferplichte steld binne. Dy moatte jo ynfolje en mei de taheakken dy’t nedich binne mei de post of by de baly yntsjinje. Foar haadstik 3 (Projekten foar of relatearre oan iepenbier ferfier) jildt fan 1 jannewaris 2022 oant en mei 31 desimber 2024 in subsydzjeplafond fan € 1.500.000,00.
Wêr?
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy’t nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DS folgje jo ûndersteande stappen:
- Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
- Klik op ‘Invullen en ondertekenen’
- Folje de antwurden yn
- Printsje it formulier
- Undertekenje it formulier
- Soargje derfoar dat alle taheakken, dy’t frege wurde, ek printe wurde
- Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post nei de provinsje of leverje it by de baly fan it Provinsjehûs yn.
Mear ynformaasje
Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt mei út Klantkontaktsintrum opnimme, fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.