IMF-subsydzje foar 12 projekten yn Noardeast-Fryslân

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan 12 inisjativen yn de regio Noardeast-Fryslân. Yn dizze earste iepenstellingsperioade fan 2024 giet der €190.038,- nei leefberensprojekten yn de mienskip. Ien fan de honorearre projekten is Wiekenbank.

Stichting Recreatietrefpunt Suwâld sil de ferâldere en stikkene sitbank by it camperplak en de jachthaven fan Suwâld ferfange troch in ûntwerp makke fan de wjukken fan in wynturbine. Om sa de minsken noch mear oan te moedigjen om inoar te moetsjen en it petear oan te gean op ien fan de moaiste plakken fan it doarp.

De bank hat útsjoch oer it farwetter dêr 't it Prinses Margrietkanaal en it Van Harinxmakanaal by elkoar komme en is ek tichteby de sinnepont en it sintrum. It is ek de lokaasje dêr 't de Suwâldsters en jierliks om de 20.000 passanten hinne (fytsers, kuierders, kampearders en wettersporters) by elkoar komme. By de nije bank komt ek in ‘landmark’ mei oan de iene kant de tekst ‘Moai datst der bist’ en mei ‘Oant in oare kear!’ op de oare kant, de oanmoediging om werom te kommen.

Sjoen de skiednis fan it doarp mei wynenerzjy - ea stie yn Suwâld de alderearste wynturbine fan Fryslân en oant foar koart waarden der jierliks tsientallen wynturbines assemblearre en revisearre - is de kar foar it brûken fan wynturbinewjukken in logyske.

De wjukken dêr 't op sitten wurde sil, wurde troch in tal gearwurkjende keunstsinnich bekend steande froulju út it doarp foarsjoen fan in kleurryk sitdiel, wêrnei 't dy profesjoneel konservearre wurde.

De realisaasje fan it projekt lit in grut ferskaat fan doarpelingen gearwurkje: ûndernimmers, pensjonearre fakminsken, de froulju’s skilderklup en de leden fan de stichtingen dy 't it projekt drage.

Folsleine ynvestearring: €11.080,-   Bydrage út it Iepen Mienskipsfûns €3.316,-

Iepen Mienskipsfûns subsydzje

Fan 23 septimber 2024 ôf kinne ynwenners fan Fryslân wer subsydzje foar IMF-projekten oanfreegje. Sjoch foar mear ynformaasje oer IMF en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/IMF

NB: Yn taheakke parseberjocht is in beskriuwing te finen fan de oare 11 projekten yn Noardeast-Fryslân dy’t yn ‘e 1e subsydzjeperioade fan it Iepen Mienskipsfûns 2024 in posityf advys krigen.