IMF-subsydzje foar 14 projekten yn Súdwest-Fryslân

Yn de twadde iepenstellingsperioade fan 2024 hat de provinsje Fryslân troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF) subsydzje takend oan 14 inisjativen yn de regio Súdwest-Fryslân (de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân). Yn totaal wurdt der in bedrach fan €210.000,- ynvestearre yn projekten dy 't de leefberens yn de Mienskip befoarderje.

Ien fan de honorearre projekten is ‘Siel fan Súdwest’. Dit inisjatyf rjochtet har op it fuortsterkjen fan it kulturele profyl fan Súdwest troch keunst en gearwurking tusken njoggen musea. Acht keunstners sille keunstwurken meitsje dy’t de siel fan ‘e regio wjerspegelet.

It doel is om de keunstwurken fan maaie oant septimber 2025 tentoan te stellen by musea yn de plakken Boalsert, Drylts, Hylpen, Koarnwertersân, Snits, Warkum en Wommels.

Folsleine ynvestearring: €221.000,-             

Bydrage út it Iepen Mienskipsfûns €32.500,-

Iepen Mienskipsfûns subsydzje

Fan 17 maart oant en mei 10 april 2025 ôf kinne ynwenners fan Fryslân wer subsydzje foar IMF-projekten oanfreegje. Sjoch foar mear ynformaasje oer IMF en it oanfreegjen fan subsydzje op Iepen Mienskipsfûns | Fryslan.

Foto: Marieke Balk