IMF-subsydzje foar 16 projekten yn Súdeast-Fryslân

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan 16 inisjativen yn de regio Súdeast-Fryslân. Yn de earste iepenstellingsperioade fan 2024 giet der yn dizze regio mei-inoar €245.000,- nei leefberensprojekten yn de mienskip. Ien fan de honorearre projekten is de ‘Kerkheuvel Blesdike’.

Buurthuis Welgelegen krijt ûnder oare in nije keuken, raambeklaaiïng, muorren, ferljochting en meubilêr. Mei dizze metamorfoaze sil Buurthuis Welgelegen gaadlik wêze foar mear aktiviteiten en sille der mear minsken gebrûk fan meitsje (ek grutte groepen). De aktiviteiten besteane út it oanbieden fan sûn en goedkeap iten foar de buert, workshops foar âlden mei bern en lichte sportaktiviteiten. Sawol besikers as frijwilligers kinne harren op in breder mêd ûntwikkelje, leare mear sosjale feardichheden en hawwe in noflike deibesteging dêr't se foar oaren en foar harsels wat yn betsjutte kinne.

De totale projektkosten binne €71.488,-. Ut it IMF wei wurdt €10.000,- oan subsydzje bydroegen.

Iepen Mienskipsfûns

Ek yn 2024 kin der subsydzje oanfrege wurde. De twadde oanfraachperioade rint fan 23 septimber o/m 17 oktober (17.00 oere) 2024. De wichtichste betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens. De projektadviseurs fan Streekwurk binne beskikber foar it begelieden en advisearjen fan de inisjatyfnimmers by it oanfreegjen fan subsydzje foar harren projekt. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/imf.

-------------------------------

NB: Yn bygeand oersjoch steane alle 15 IMF-projekten út Noardwest-Fryslân beskreaun, dy't yn de earste subsydzjeronde fan 2024 subsydzje krigen hawwe.

IMF subszydzje foar 15 projekten yn Noardwest-Fryslân