IMF-subsydzje foar 20 projekten yn Súdwest-Fryslân

Yn de earste iepenstellingsperioade fan 2024 hat de provinsje Fryslân fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) subsydzje takend oan 20 inisjativen yn de regio Súdwest-Fryslân (de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân). Yn totaal wurdt der in bedrach fan € 205.832,- ynvestearre yn projekten dy 't de leefberens yn de Mienskip befoarderje.

Ien fan de honorearre projekten is it teaterstik ‘Wout’s End?’. Dit inisjatyf is in gearwurking tusken Ondernemersvereniging Woudsend, Theatercollectief Prop, MFC De Driuwpôlle en Vereniging Dorpsbelangen Woudsend. Mei de oanfrege subsydzje wurdt de produksje fan it teaterstik realisearre, mei as doel de Wâldseiner mienskip te ferbinen troch teater.

It teaterstik 'Wout’s End?' rjochtet him op it kreëarjen fan in nij kultureel elan yn it doarp, wat in wichtige bydrage leverje sil oan de leefberens fan Wâldsein. It skript, dat foar in part yn it Frysk en foar in part yn it Nederlânsk opfierd wurde sil, giet oer de identiteit fan Wâldsein en har ynwenners, likegoed eartiids as no.

Nei ferwachting sil de útfiering fan it stik wêze yn de maitiid fan 2025. Marcel Becker fan Stichting Prop Theatercollectief hat de lieding oer de produksje.

Folsleine ynvestearring: €58.485,-  Bydrage út it Iepen Mienskipsfûns €15.000,-

Iepen Mienskipsfûns subsydzje

Fan 23 septimber 2024 ôf kinne ynwenners fan Fryslân wer subsydzje foar IMF-projekten oanfreegje. Sjoch foar mear ynformaasje oer IMF en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/IMF

Een molen op de achtergrond en op de voorgrond allemaal boten die naast elkaar liggen. Er is allemaal volk op de been en er hangen overal vlaggetjes.
Foto: Harrie Dijkstra

Beskriuwing 20 projekten yn Súdwest-Fryslân dy't yn de 1e subsydzjeronde in posityf advys krigen