IMF-subsydzje foar 7 projekten op de Waadeilannen

Yn de twadde iepenstellingsperioade fan 2024 hat de provinsje Fryslân troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF) subsydzje takend oan 7 inisjativen op de Waadeilannen. Yn totaal wurdt der in bedrach fan €109.964,- ynvestearre yn projekten dy't de leefberens yn de eilanner mienskippen befoarderje. Ien fan de honorearre projekten is de profesjonalisearring fan doarpshûs Ons Centrum op Skiermûntseach.

Doarpshûs Ons Centrum ferfollet op Skiermûntseach in wichtige moetingsfunksje. Ferieningen fine hjir in ûnderkommen, gearkomsten, útfieringen, resepsjes en kondoleânsje fine hjir plak, de notaris hâldt der sitting, de manljusoos leit alle wiken in biljerke. Ek is der romte foar eilanner tradysjes, lykas de yntocht fan Sinteklaas. Dêrneist hat it doarpshûs in funksje foar aktiviteiten dêr't ek toeristen op ôf komme lykas it filmfestival, it literatuerfestival en noch folle mear. Der binne in soad frijwilligers aktyf yn it doarpshûs.

It doarpshûs wol twa saken oanpakke. De oanskaf fan in nije lûdsynstallaasje en it oankeapjen fan 20 ferrydbere en opklapbere tafels. Troch de nije enerzjysunigere lûdsynstallaasje en tafels wurde de gebrûksmooglikheden fan it doarpshûs ferbettere en fergrutte. Boppedat wurde de frijwilligers ûntsoarge. Der kin better op de winsken fan de frijwilligers en brûkers ynspile wurde en der kinne nije doelgroepen oanboarre wurde.

Fuortendaliks effekt fan de nije tafels is dat in fersyk fan de iepenbiere legere skoalle om de seal in pear deidielen wyks brûke te kinnen as gymnastyklokaal, fanwegen in ferbouwing fan de hjoeddeiske sporthal, honorearre wurde kin. Dêrmei leveret it doarpshûs in bydrage oan it (hieltyd) bewegen fan de eilanner jeugd.

Folsleine ynvestearring: €20.248,-                  Bydrage út it Iepen Mienskipsfûns €6.044,-

Iepen Mienskipsfûns subsydzje

Fan 17 maart oant en mei 10 april 2025 ôf kinne ynwenners fan Fryslân wer subsydzje foar IMF-projekten oanfreegje. Sjoch foar mear ynformaasje oer IMF en it oanfreegjen fan subsydzje op Iepen Mienskipsfûns | Fryslan.