IMF-subsydzje foar sân projekten op ’e Waadeilannen

Yn de earste iepenstellingsperioade fan 2024 hat de provinsje Fryslân mei it Iepen Mienskipsfûns (IMF) oan sân inisjativen yn de regio Waadeilannen subsydzje takend. Mei-inoar wurdt der in bedrach fan likernôch €110.000,- ynvestearre yn projekten dy’t de leefberens op de eilannen befoarderje.

Ién fan de honorearre projekten is de renovaasje fan doarpshûs Ons Huis fan West-Skylge. Mei de oanfrege subsydzje wurdt de ynrjochting fan it doarpshûs ferbettere en wurdt de út kultuerhistoarysk eachpunt weardefolle foargevel fan it gebou yn de âlde steat werombrocht. 

Doarpshûs Ons Huis is in wichtich moetingsplak foar de ynwenners fan Skylge en it ferienigingslibben fan West-Skylge. Ek wurde der op toeristen rjochte aktiviteiten organisearre. By de renovaasje binne ferskate frijwilligers behelle. De renovaasje wurdt troch it bestjoer oangrypt om it oantal leden/donateurs te ferheegjen.

It projekt makket it doarpshûs klear sadat it ek yn de takomst it brûzende sintrum foar it ferienigingslibben op West-Skylge bliuwe kin.

Folsleine ynvestearring: €93.462,-                   Bydrage út it Iepen Mienskipsfûns €28.000,-

Iepen Mienskipsfûns subsydzje

Fan 23 septimber 2024 ôf kinne ynwenners fan Fryslân wer subsydzje oanfreegje foar IMF-projekten. Sjoch foar mear ynformaasje oer IMF en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/IMF