Jierferslach 2023 Kommissaris fan de Kening

De kommissaris fan de Kening nimt as Ryksorgaan en as foarsitter fan Provinsjale Steaten en Deputearre Steaten in spesjale posysje yn. Yn de Fryske mienskip hat er fia represintative aktiviteiten in ferbinende rol op tal fan terreinen.

It jierferslach biedt in ynsjoch yn de wurksumheden fan de kommissaris, lykas bygelyks syn ynset foar de Fryske taal en kultuer, it Waad en de bestriding fan ûndermyning. Fierder bysûndere mominten en moetings, fan it earste ljipaai, oant it unike streekbesite fan it Keninklik Hûs oan ús Waadeilannen.