Kaart farweibehear
As jo in fraach hawwe oer in farwei, dan sille jo dêrfoar de behearder fan dy farwei oansprekke moatte. Dêrfoar is ûndersteande kaart ûntwikkele, wêrop't dúdlik te sjen is, wa't hokker farwei yn behear hat.
Wannear't jo fragen of opmerkingen hawwe oer:
- It Prinses Margrietkanaal, dan kinne jo kontakt opnimme mei Rykswettersteat: tel.: 0800 - 8002 of fia de webside fan Rykswettersteat: Home | Rijkswaterstaat;
- De provinsjale farwegen, dan kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân fia tel. 058 - 2925925 of e-mail: provincie@fryslan.frl;
- De farwegen yn behear by It Wetterskip Fryslân, dan kinne jo kontakt opnimme mei it Wetterskip Fryslân fia tel.: 058 - 292 22 22 of fia de webside fan It Wetterskip: wetterskipfryslan.nl ;
- De farwegen yn behear by de gemeente Harns, dan kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente Harns fia tel.: 14 0517 of e-mail: info@harlingen.nl;
- De farwei yn behear by de provinsje Oerisel, dan kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Oerisel fia tel.: 038 - 499 88 99 of fia de webside fan de provinsje Oerisel: Provincie Overijssel - Provincie Overijssel .
Foar lytsere farwegen, dy’t net op dizze kaart steane, ferwize wy jo graach foar neiere útlis nei de webside fan It Wetterskip Fryslân.
As jo fragen hawwe oer de BRTN-klassifikaasje fan de Fryske farwegen, mei dêroan ferbûn mear details oer de ôfmjittings, dan kinne jo dêrfoar de kaart mei BRTN-klassifikaasjes rieplachtsje.
Dêrneist kinne jo fia de Fryske wettersport app in hiel soad ynformaasje fine oer de farwegen yn Fryslân, mei brêgen, slûzen, betsjinntiden, rûtes, oanfraach brêgebetsjinning, lisplakken, laadpunten, havens, ensfh. Dizze is te finen yn de google playstore en de appstore wannear't jo sykje op wettersport.