Kampanje ‘Wat sleepsto allegear mei?’ fan start Tsjin fersprieding fan ynvasive eksoaten op de Waadeilannen

Fan ‘e moarn hat deputearre Matthijs de Vries yn Harns by de feartsjinst nei Skylge en Flylân it startsein jûn foar de kampanje ‘Wat sleepsto allegear mei?’ De kampanje giet oer it foarkommen fan de fersprieding fan planten en bisten dy’t net thúshearre op de Waadeilannen. Dizze ynvasive eksoaten foarmje in bedriging foar it unike ekosysteem fan de Waadsee. De kampanje is in inisjatyf fan de kustprovinsjes Fryslân, Noard-Hollân en Grinslân.

Ynvasive eksoaten foarmje in bedriging foar de planten en bisten dy’t fan natuere thúshearre op de Waadeilannen. Ynvasive plantsjes, lykas de wetterkrassula, beareklau en Japanske duizendknoop, kinne har yn rap tempo ferspriede. Se ferdringe de plantsjes dy’t fan natuere yn it gebiet foarkomme. Mar ek eksoatyske bisten, lykas in lettersierskylpad of akwariumfisken dy’t ûntsnappe, hawwe grutte gefolgen foar it ekosysteem fan de Waadsee.

Edukatyf en praktysk

Sels in lyts stikje plant dat tafallich meisleept wurdt oan skuon, klean of weinen kin al problemen feroarsaakje. Faak komme ynvasive eksoaten troch minsklik hanneljen yn ‘e natuer telâne. Bygelyks ûnbewust as je fan it iene natoergebiet nei it oare reizgje.

De kampanje fergruttet de kennis fan eilânbesikers en -bewenners oer de gefolgen fan ynvasive eksoaten. Elkenien krijt praktyske tips om mei te helpen de Waadnatuer te beskermjen. De kampanje stimulearret besikers en reizgers om harren guod goed te kontrolearjen foar fertrek. Derneist kinne eilânbewenners helpe troch gjin ynvasive soarten yn ‘e tún te plantsjen of yn hûs te nimmen. En troch ynvasive planten yn de tún te ferfangen troch soarten dy’t fan natuere op de Waadeilannen foarkomme.

Meiïnoar foar de Waadsee

De provinsje is ferantwurdlik foar it bestriden fan ynvasive eksoaten. Benammen yn kwetsbere gebieten, lykas de Waadeilannen en Natura2000-gebieten, spilet de provinsje in wichtige rol yn it foarkommen en bestriden fan dizze eksoaten. Mei gemeenten en natuerbehearders siket de provinsje nei de bêste oanpak per gebiet. Ek draacht de provinsje by oan it dielen fan kennis en finansjele stipe.

Mei dizze kampanje hoopje de provinsjes Fryslân, Noard-Hollân en Grinslân dat besikers en bewenners fan de Waadeilannen har mear bewust wurde fan harren ynfloed op dit unike wrâlderfgoed. Tegearre kinne wy derfoar soargje dat takomstige generaasjes genietsje kinne fan it prachtige lânskip en de bysûndere natuer fan de Waadsee.