Op ferskate plakken yn de provinsje fiere wy yn juny en july lytse ûnderhâldswurksumheden út. It giet om in soad lokaasjes, de ôfslutingen binne fan koarte doer. Per gemeente hawwe wy lokaasjes dêr't wy oan de slach geane. We ha gjin omliedingsrûtekaartsjes. De omlieding jouwe wy op it plak sels, rom yn it foar, oan mei giele buorden.

Eaststellingwerf 

  • Fan moandei 9 oant en mei woansdei 18 septimber wurkje wy oan it fiadukt ûnder de N 381, op 'e hichte fan de Duistereweg by Easterwâlde. Motorisearre weiferkear folget de giele omliedingsbuorden. Fytsers en fuotgongers kinne it njonkenlizzende fytspaad brûke.

Tytsjerkstradiel

  • 2 o/m 4 septimber tusken 19.00 en 06.00 oere wurkje wy oan de N361 ta hichte fan Oentsjerk. It ferkear liede wy om fia de N355, N356 en N361.

Iepenbier ferfier

Under de wurksumheden ride ek de bussen soms in alternative rûte. Foar ynformaasje oer it iepenbier ferfier, sjoch op de webside fan Arriva.

Fragen?

Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme fia provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed tusken 9.00 en 17.00 oere. Of wolle jo noch witte wêr't wy noch mear wurksumheden útfiere sjoch as opwww.fryslan.frl/onderhoudswerkzaamheden