Maatregels moatte skea troch wolf foarkomme yn Fryslân

Neffens it ynterprovinsjaal wolveplan is yntusken sprake fan in fêstige wolf yn Súdwest-Drinte. Dêrom treft it kolleezje fan Deputearre Steaten fierdere tariedingen foar de komst fan de wolf nei Fryslân.

Deputearre Klaas Fokkinga: “De wolf is yn Súdwest-Drinte. Noch net yn Fryslân, mar de kâns is grut dat hy wol rûnswalkje sil yn ús provinsje. Dêrom wolle wy ús goed tariede. Wy sille mei de PPWF de kommende tiid sjen hokker gebiet wy yn Súdeast-Fryslân oanwize kinne as wolveterritoarium.”

Der wurdt sjoen nei de mooglikheid foar in subsydzjeregeling foar it nimmen fan previntive maatregels. Hjirmei wol DS eigeners fan lânbouhúsdieren, lykas skiep, yn it wolveterritoarium stimulearje en stypje by de oanskaf fan previntive maatregels. It giet bygelyks om elektryske roasters dy 't de wolf keare moatte.

Gebietskommisje

Earder dit jier waard de Projektgroep Preventie Wolvenschade Fryslân (PPWF) troch GS yn it libben roppen. De projektgroep wurdt no omfoarme nei gebietskommisje. Harry Oosterman, foarsitter fan de PPWF: “Na een intensief proces hebben wij een advies opgesteld, dat de basis kan vormen voor een subsidieregeling in Fryslân. Het richt zich op preventieve maatregelen in het aan te wijzen wolventerritorium. Daarnaast adviseren wij om een wolvenconsulent aan te stellen die veehouders kan informeren over het beleid en de beheersmaatregelen voor de wolf. Ook willen we aan de slag met een pilot met wolfwerende schermen die bestaan uit elektrische draden met hangende ‘fladders’ (ook wel turbofladrie). In onze ogen kan het overnemen van het advies het draagvlak voor preventieve maatregelen vergroten.”

Nei it fêststellen fan in wolveterritoarium sil de kommisje foar dat gebiet oan de slach mei in previnsjeplan. Dêryn komme ûnder oare maatregels te stean om skea troch de wolf oan lânbouhúsdieren foar te kommen.