Mear romte foar natuer en wetter yn polder De Dulf-Janssenstichting
Yn polder De Dulf-Janssenstichting ûntstiet mear romte foar natuer en wetter. Fan de simmer 2025 ôf wurdt de polder yn de âlde beekdelling fan it Alddjip ten súdeasten fan Nij Beets yn in perioade fan sa'n trije jier opnij ynrjochte. Dit soarget foar in bettere wetterhúshâlding yn de natuerpolder en mear beskerming fan dizze regio tsjin wetteroerlêst.
Polder De Dulf-Janssenstichting herberget in karakteristike âlde, meanderjende loop fan it Alddjip, mar hat te krijen mei ferdrûging en ynklinking fan de boaiem. De omlizzende polders binne flink sakke troch turfwinning, omfoarming ta lânbougebiet en it ferleegjen fan it wetterpeil. De eardere beekdelling is dêrtroch wol in meter heger komme te lizzen as de grûn deromhinne. Hjirtroch streamt it grûnwetter fuort nei de legere grûnen mei as gefolch dat de polder ferdrûget, de boaiem ynlinkt en floara en fauna it dreech hawwe. Yn de winterperioade is de polder faak te wiet. Mei de maatregels fan it ynrjochtingsplan wurdt de oan- en ôffier fan it wetter yn dizze polder bot ferbettere. Dat is goed foar de greidefûgels en de karakteristike planten.
Polder De Dulf-Janssenstichting is ûnderdiel fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN) en Natura -2000 gebiet Van Oordt’s Mersken. De ynrjochting fan de polder hat as doel natuer te werstellen en te ûntwikkeljen. Sa wurdt it Natura 2000-gebiet geskikter foar greidefûgels. Yn de nije situaasje wurde de sleatten yn de polder safolle mooglik wer fuorre fanút de beek Alddjip. In systeem fan groppen en sleatten soarget simmerdeis foar foldwaande wetter yn de polder en winterdeis foar in bettere wetterôffier.
Klimaatmaatregels
Troch klimaatferoaring binne der hieltyd faker ekstreme reinbuien. Dêrom ferheget Wetterskip Fryslân de wetterkearing tusken de Nije Feart en polder De Dulf-Janssenstichting. Dêrneist wurdt gemaal De Dulf ferfongen troch in nij gemaal. Om oerstallich wetter te bergjen, wurdt de polder geskikt foar wetterberging yn de winterperioade.
Om't de beek Alddjip by polder De Dulf-Janssenstichting de Nije Feart ynstreamt, is dit in strategysk plak foar wetterberging. De Nije Feart is ûnderdiel fan de Fryske boezem (it stelsel fan marren, kanalen en fearten). Om't de polder foar in soad planten en bisten in wichtich leefgebiet is, wurdt it gebiet allinnich ynset foar wetterberging as in ekstreme hege wetterstân yn de boezem gefaar opsmyt foar bebouwing. Undersyk lit sjen dat de needsaak foar wetterberging it grutst is yn de winterperioade en dat wetterberging yn dizze perioade de minst negative effekten foar de natuer opsmyt. Der binne dan gjin briedende fûgels.
Deistich bestjoerslid Monique Plantinga fan Wetterskip Fryslân: “Wetterskip Fryslân zet de waterberging in als laatste redmiddel. Dat doen we alleen als we niet meer boezemwater uit Fryslân kunnen afvoeren richting IJsselmeer en zee en we de waterstanden in de graslandpolders niet verder kunnen verhogen.” Wetterberging is in mienskiplike ferantwurdlikheid, net allinnich yn lanlik gebiet, mar ek yn beboud gebiet. Wethâlder Durk Durksz fan gemeente Opsterlân jout oan: “Moai dat we sa fier kaam binne. Ek de gemeente is mei wetterberging oan de slach, yn alle Opsterlânske doarpen.”
Gearwurking
Wetterskip Fryslân, Staatsbosbeheer, gemeente Opsterlân, LTO Noard en provinsje Fryslân stelden it ynrjochtsplan op. Deputearre Matthijs de Vries fan provinsje Fryslân: “Dit greidefûgelgebiet ûnderskiedt him troch in unyk ferskaat oan fûgels, dit wolle wy foar de takomst behâlde.” Jan Teade Kooistra, foarsitter fan LTO Noord, jout oan dat de boeren yn dit gebiet harren bedriuwsfiering al ôfstimd hawwe op greidefûgelbehear en dit aanst graach as kollektyf trochsette wolle yn de polder. Bert Hummelen, provinsjehaad fan Steatsboskbehear: “Met dit inrichtingsplan doen we goede dingen voor de natuur. Over de inzet van de polder als waterberging hebben we duidelijke afspraken met het waterschap gemaakt.”
Ofspraken
Ofspraken oer de perioade, doer en folchoarder fan ynset fan dizze polder foar wetterberging binne fêstlein yn in oerienkomst tusken Wetterskip en Staatsbosbeheer. Hjiryn stiet dat de polder allinnich yn de moannen oktober oant en mei febrewaris foar wetterberging as lêste rêmiddel brûkt wurde kin.
Op 8 april hat Deputearre Steaten fan Fryslân it ynrjochtingsplan fêststeld. Mear ynformaasje oer it plan is te finen op www.fryslan.frl/dulfmersken.