Merkferkenning foar in nije oanbesteging fan laadynfrastruktuer yn de provinsje Fryslân

De provinsje Fryslân stipet de Fryske gemeenten by de ûntwikkeling fan it publike laadnetwurk. Op dit stuit wurket de provinsje gear mei de Fryske gemeenten oan de útrol fan nije laadynfrastruktuer. Tegearre mei dizze gemeenten ûndersiket de provinsje dêrom de mooglikheden foar it ferfolch op de hjoeddeistige konsesje. Troch in merkferkenning wolle de provinsje en gemeenten mei ynput fan merkpartijen dêr in ûnderboude kar oer meitsje. De merkferkenning is twaliddich en bestiet út dizze skriftlike fragelist fia Google Forms en in mûnlinge ferkenning.

Yn taheakke fine jo it ferkenningsdokumint, mei in oersjoch fan de kontekst, proseduere en betingsten. It is belangryk om dat dokumint troch te nimmen foardat de fragelist yn te foljen.

Dêrneist fine jo fia dizze link de taheakke fragelist fia Google Forms.

Fia dizze fragelist kinne jo jo ek ynskriuwe foar de mûnlinge ferkenning, dy't op 9 of 10 septimber 2024 plakfine sil. Reaksjes wurde fertroulik behannele en binne net iepenbier.

Jo kinne meidwaan oan de skriftlike merkferkenning en jo ek oanmelde foar de mûnlinge ferkenning, troch uterlik freed 23 augustus foar 17.00 oere dizze fragelist yn te foljen en yn te tsjinjen.